It lûd fan de yidaki
Hoe’t de see yn dampens stillei
har wazem oer de dyksfoet striek;
sûnder hoarizon en himelleas
strâne har muze yn ’e haven,
in mûle op in hoarn fan bamboe blies.
In grûntoan trille heas en dompich
as hie it in begrutsjen mei de see
dy’t mistreastich yn harsels weisonk
en klonk dêr wee opnij it lûd
dat omtaaste yn in wazich liif.
Mear fan Marije Roorda
In beam jout justjes ljocht |
Reinduns |
Unferwachts fersen fan Marije Roorda |
It wald |
Tút fan Judas Politike Haiku II |
Wat my driuwt |
Greidblom Stien, do bist in krommel út in rots. |
Droechte |
‘Kuier’ en ‘Grut hoefblêd’ Leafst yn in lânskip/ as ik geandefoets har eagen moetsje … |
Wêr’t de wyn my hinnesylde Fan fierren te sjen it eilân dat in bewenner mei opsetsin / ferliet en dy’t by syn frou en soan weromkaam doe’t … |