
Poëzy
Kuier
Leafst yn in lânskip
as ik geandefoets har eagen moetsje
har loswêzen dat freget
hoe’t it mei my is
en hja it antwurd jout
wylst ik rin op rulle paden
dêr’t sêftens my befrijt fan
fergese lêst en iepen wûnen wasket
hieltyd lichter fielt myn stap
en stadiger as hja my ynkleuret
mei in simmerstim
dêr sjoch ik opnij mysels.
Grut hoefbled
By in wâl lâns wol ik wenje
my fêsthâlde oan ’e wiete ierde
de raffelrâne fan wetter jout my iten.
Swiid wol ik myn krêft sjen litte
frivoal myn blêd útteare as in jûnsjûpe
de heupen widzje boppe skaadgrûn.
Dêr’t sinlikens syn swee giet
syn rook in dream fan lusten jout
syn heimnis is nachtblau.

droechte
it skaad fan frouljusfuotten komt
hjir hommels om ’e daaljes hinne
yn de sinne baarne har bledsjes
se skronfelje en fronselje
it skaad of de geast fan gaia of oerbeppe
stapt oer de trie fan it blomperk
bûkt har oer de droechskuorren yn ’e grûn
en hellet út de skelksbûse in hantsje wetter
Mear fan Marije Roorda
In beam jout justjes ljocht |
Reinduns |
Unferwachts fersen fan Marije Roorda |
It wald |
Tút fan Judas Politike Haiku II |
Wat my driuwt |
Greidblom Stien, do bist in krommel út in rots. |
Droechte |
It lûd fan de yidaki Hoe’t de see yn dampens stillei / har wazem oer de dyksfoet striek |
Wêr’t de wyn my hinnesylde Fan fierren te sjen it eilân dat in bewenner mei opsetsin / ferliet en dy’t by syn frou en soan weromkaam doe’t … |