Eppie Dam

Eppie Dam syn dichtsjen en fertellen makke sa’n hege flecht dat it Fryslân net lofts—literêre karriêre yn Amsterdam—of rjochts—Grins—ferliet mar oan de boppekant; nea opmurken troch de inoar opfolgjende, ûnferoarlik mei de noas op it platte fjild hingjende Gysbertsjuerys.

Bydragen fan Eppie Dam

Slauerhoff yn Oersetting: Stjerrebern In stjerrenacht hommels op ierde bedarre,/ Troch stowyn jage yn sniedún ferlern …
Oersetting fan in gedicht sûnder titel fan Joseph Brodsky Dy jun doe bij us walmjend fjoer, ’t wie raar,/ dêr waarden wij in swarte hynst gewaar.
Sûnder titel (Foar A.A. Achmatova) en ‘Bij de hûndertste bertedei fan Anna Achmatova’ It gekraai fan hoannen klinkt, se beare fel,/ learzens stampe oer de strjitwei op en del
‘It Betize Famke’ en ‘Ûnder Ben Bulben / VI’ Dat betize famke dat muzyk betinkt,/ har dichtkeunst dûnsjend oer de kaai
‘Iensum de seemok heal yn ’e slom’ en ‘Al dy bylden’ Wat as ik dy freegje soe/ om út it hoal fan de geast?
‘In Ierse fleander sjocht syn dea oankommen’ en ‘In man wurdt wizer mei de jierren’ Ik wit dat ik myn lot temjitte flean / heech mids de wolken oan ’e himel set
‘Oan in bern dat dunset op ’e wyn’ en ‘Twa jier letter’ Dûnsje mar ta, do bern op it strân;/ wat soesto bang, mei wille en tier/ bij brâning en stoarm oan ’e hân?
Werom’t de Tuken Fertoarren Ik skriemde doe’t de moanne tjin de fûgels brimme:/ ‘Lit de ljip roppe wêr’t er wol, de wylp krite sûnder erch
It Lan fan Lok O grif mannich sterke boer/ briek it boerehert midstwa/ as er seach dit lân fan lok
‘Hij heart it gûlen fan de Sigge’ Ik swalkje oer de igge/ fan dizze godferlitten poel
1 2 3 4 5

Wurken

Eppie Dam, Neigeraden it noarden, De Oare Utjouwerij, 2004. In bondel fan it soarte dêr’t de bibleteek in hekel oan hat om’t lieners it net mear werombringe en har dat net oars as ferjûn wurde kin.