image abe de vries - indian summer

Abe de Vries - Fers2 nû. 3.15, 1 oktober 2017

Indian summer yn in sjaletsy op ’e Twizelerheide

1

Foar it rút Crazy, it hynder sûnder namme,

    tjirget tsjin it spantou foar wat gers.

De sinne jout net werklik fan ketoen,

    as strielet er beskamme

oer de skrale takomst dy’t er lêst.

    Oer ’t fjild de lêste tsjoen,

fan ’e Wâlden ljocht omklamme;

    gouden flues krûpt oer de klûs dêrnêst.

’t Is te let septimber en sprek soen

    oer ’t lytse bosk – ,,Ferjamme!”;

dêr slacht yn ’t hout in seage fêst

    en yn ’t griene wurdt it brune sjoen.

2

Leafste, sa suver is langer n’t ien mear

    om de lânstaal mei te praten

en tegearre de mûle te spielen

    oer de pronkstikken fan ’t regear,

as dy. Under pauwe-eagen fan fanaten

    (gjin hauk syn slach om foar te fielen)

koartsje dizze dagen ús petear

    yn mei simmers’ laureaten,

dy’t berne’ stimbannen stielen,

    har guozzefearren, kear op kear.

Do seist, wat azen kinne kaarte?

    Wat tiid helpt ús súv’rens út te dielen?

3

Wat, as de wrâld rint nei ûntheffing

    foar it foarmjen fan it wurd

en it lêzen – wat ea útdrukking wie

    fan it rjocht op férheffing?

Ik wit net wat it is; wol wêr’t it gie:

    poëzij, iepen boek, fjurren ring,

wie in hite hij, gjin lyts lân grut.

    Let fjoer is ’t, sinnestriel,

fan ’e stamkes yn ’e ôffreding,

    om in tútsje yn ’e blokhut

túchskampend singels yn, nei hiel

    leafde syn skrifttalige genêzing.

4

Foar it rút Crazy, ’t hynder sûnder tek.

    Fljocht nei fan ealjebijen

oanstutsen kastomaten by de bjirkewâl.

    Ik tink, dêr giet er, net âld mei brek

en butst, mar frij en net mijen,

    en hy trapet net it strie op stâl

yn dit dressuerwinnend tiidrek,

    brinzgjend om in hânfol biks te krijen.

Rjochtop de ruter, mei de sinne mâl;

    in jonge geast, yn tiid in wek.

It hynder, dat tsjin ’e jûn komt te flijen,

    wat dertene, wylde fôle!

Mear fan Abe de Vries

Tsjinwynkronyk 2018 #3 It tredde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfoarfal ken it morele lok fan prachtich simmer­waar en toeristesprieding …
Tsjinwynkronyk 2018 #2 It twadde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfeest, it maityds­seisoen, is wannear’t de ferdivedaasjeflaggen plante wurde moatte yn it kulturele wapenkamp
Ut Mienskar: Sonnetten Fier út ’e wei, om súv’rens fûn of net te finen, / hâldt er ’m grut – hy sit net sljucht of rjucht
Ut Mienskar: Sonnetten Fier út ’e wei, om súv’rens fûn of net te finen, / hâldt er ’m grut – hy sit net sljucht of rjucht
In manifest ut de Nederlanske perifery It is it ferhaal dat de ‘winskhoedskriuwer’ Japik Japiks – in pseudonym fan de Fryske skriuwer Waling Dykstra– fertelt oer syn ûndersyk nei de etyk …
Ljouwert sloopt it noarden fan Fryslân Kielstra (VVD) wol slope, grutte berjochten yn ’e krante. Mar huzen slope yn it krimpende noarden fan Fryslân woene de Nederlandse Vereniging van Makelaars en de Rabobank yn 2010 ek al.
Ut Mienskar: Sonnetten De Kommisje is neffens Boltanski’s skets / it bêst te sjen as lichem sûnder holle.
Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860)
Ut Mienskar: Sonnetten It lytse doarpke bliuwt in winkel en in kroech, / eartiids folle mear dat gearhing joech, / mar no is nachts in frommes op ’e sjou
Reislotterij 2018 In reiske winne: it kin oeral, by reisburo’s en winkel­keatlingen en… ek by LF2018!
1 2 3 4 5 6 7 8 9