Indian summer yn in sjaletsy op ’e Twizelerheide
1
Foar it rút Crazy, it hynder sûnder namme,
tjirget tsjin it spantou foar wat gers.
De sinne jout net werklik fan ketoen,
as strielet er beskamme
oer de skrale takomst dy’t er lêst.
Oer ’t fjild de lêste tsjoen,
fan ’e Wâlden ljocht omklamme;
gouden flues krûpt oer de klûs dêrnêst.
’t Is te let septimber en sprek soen
oer ’t lytse bosk – ,,Ferjamme!”;
dêr slacht yn ’t hout in seage fêst
en yn ’t griene wurdt it brune sjoen.
2
Leafste, sa suver is langer n’t ien mear
om de lânstaal mei te praten
en tegearre de mûle te spielen
oer de pronkstikken fan ’t regear,
as dy. Under pauwe-eagen fan fanaten
(gjin hauk syn slach om foar te fielen)
koartsje dizze dagen ús petear
yn mei simmers’ laureaten,
dy’t berne’ stimbannen stielen,
har guozzefearren, kear op kear.
Do seist, wat azen kinne kaarte?
Wat tiid helpt ús súv’rens út te dielen?
3
Wat, as de wrâld rint nei ûntheffing
foar it foarmjen fan it wurd
en it lêzen – wat ea útdrukking wie
fan it rjocht op férheffing?
Ik wit net wat it is; wol wêr’t it gie:
poëzij, iepen boek, fjurren ring,
wie in hite hij, gjin lyts lân grut.
Let fjoer is ’t, sinnestriel,
fan ’e stamkes yn ’e ôffreding,
om in tútsje yn ’e blokhut
túchskampend singels yn, nei hiel
leafde syn skrifttalige genêzing.
4
Foar it rút Crazy, ’t hynder sûnder tek.
Fljocht nei fan ealjebijen
oanstutsen kastomaten by de bjirkewâl.
Ik tink, dêr giet er, net âld mei brek
en butst, mar frij en net mijen,
en hy trapet net it strie op stâl
yn dit dressuerwinnend tiidrek,
brinzgjend om in hânfol biks te krijen.
Rjochtop de ruter, mei de sinne mâl;
in jonge geast, yn tiid in wek.
It hynder, dat tsjin ’e jûn komt te flijen,
wat dertene, wylde fôle!
Mear fan Abe de Vries
Atsee Nee, de boarnen binne net ienriedich oer / Hoe’t it teneate gong en wa’t net woe |
Foar Rink, no’t er in stien krije sil Trêdzje skulpebrekkend fierder nei it easten/ oer de âld spoardyk, de ûngediene achterkant |
Omkearing fan fabels Dit binn’ de dagen net fan ’e doarpen yn ’e omkriten./ Fierder as it stoart wankt, op ’e hast bouripe blabze, |
Minder minsken foar mear literatuer Demokratisearring en Fryske literatuer, 1960-1975 |
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016 |
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem. |
De gek mei Prokrustes: Literatuer en identiteit yn de 19e ieu Vooraanstaande Friesche schrijvers zijn haast alle uit het midden van het (boeren = plattelands-)volk voortgekomen… |
Unsichtberheid troch utsluting Dat Joke Corporaal har dissertaasje út 2009 oer Anne Wadman yn it Nederlânsk publisearre, liket in opmerklik feit … |
Fan Europeeske oriïntaasje nei streekkultuer? Het rode tasje van Salverda fan Goffe Jensma is it sa njonkelytsen hast klassyk te neamen essay oer de konstruksje fan Fryske identiteiten… |