Indian summer yn in sjaletsy op ’e Twizelerheide
1
Foar it rút Crazy, it hynder sûnder namme,
tjirget tsjin it spantou foar wat gers.
De sinne jout net werklik fan ketoen,
as strielet er beskamme
oer de skrale takomst dy’t er lêst.
Oer ’t fjild de lêste tsjoen,
fan ’e Wâlden ljocht omklamme;
gouden flues krûpt oer de klûs dêrnêst.
’t Is te let septimber en sprek soen
oer ’t lytse bosk – ,,Ferjamme!”;
dêr slacht yn ’t hout in seage fêst
en yn ’t griene wurdt it brune sjoen.
2
Leafste, sa suver is langer n’t ien mear
om de lânstaal mei te praten
en tegearre de mûle te spielen
oer de pronkstikken fan ’t regear,
as dy. Under pauwe-eagen fan fanaten
(gjin hauk syn slach om foar te fielen)
koartsje dizze dagen ús petear
yn mei simmers’ laureaten,
dy’t berne’ stimbannen stielen,
har guozzefearren, kear op kear.
Do seist, wat azen kinne kaarte?
Wat tiid helpt ús súv’rens út te dielen?
3
Wat, as de wrâld rint nei ûntheffing
foar it foarmjen fan it wurd
en it lêzen – wat ea útdrukking wie
fan it rjocht op férheffing?
Ik wit net wat it is; wol wêr’t it gie:
poëzij, iepen boek, fjurren ring,
wie in hite hij, gjin lyts lân grut.
Let fjoer is ’t, sinnestriel,
fan ’e stamkes yn ’e ôffreding,
om in tútsje yn ’e blokhut
túchskampend singels yn, nei hiel
leafde syn skrifttalige genêzing.
4
Foar it rút Crazy, ’t hynder sûnder tek.
Fljocht nei fan ealjebijen
oanstutsen kastomaten by de bjirkewâl.
Ik tink, dêr giet er, net âld mei brek
en butst, mar frij en net mijen,
en hy trapet net it strie op stâl
yn dit dressuerwinnend tiidrek,
brinzgjend om in hânfol biks te krijen.
Rjochtop de ruter, mei de sinne mâl;
in jonge geast, yn tiid in wek.
It hynder, dat tsjin ’e jûn komt te flijen,
wat dertene, wylde fôle!
Mear fan Abe de Vries
De Frîske Literatuerkrityk …oftewol it Wonderbaarlike Leechlizzen fan Waling Dykstra. Bjusterbaarlik troffen hat Waling-om it net mei de literatuer dêr’t er yn skreau. |
‘Dat skrutene taesten koe har sear dwaan’ Op himsels hied er tsjin it seksuele gjin biswieren. Al to folle moast dêr it tsjuster foar tsjinje. |
‘Language Lab’: In protte taal, te min literatuer Language Lab is in programma ‘to raise awareness but also knowledge and technology, concerning language’, alsa Nana Haug Hilton en Goffe Jensma |
Belofteparadoks: Fers2 yn 2016 |
“Wy binne it hert” Ynienen like it wer in issue: de ynstitúsjonalisearring fan Fryslân. |