image
Boppe Jean-Baptiste Tuby, Le bassin d’Apollon, detail ‘baleine’; ûnder Mark Dion, skaalmodel fontein

Opiny

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.4, 24 febrewaris 2019

De Starumer fisk fan Apollo

De sinne kaam, de sinne sonk,

’t lân bleau yn ’t stedske skaad.

Mar grutskens wreau in smeulend’ fonk

ta groulik plagiaat ~

As Jiskepûster fan it ryk

stint ûnbesjoen it lân

dêr oer dy frekte Ofslútdyk:

neat oan en deagewoan.

“Mar wy bin”, rôp ús Friezne wacht,

“op ierde dochs it sâlt.

Is dit lân net yn skier midsnacht

de ljochttoer oer de wrâld?”

“Wy hoeg’ gjin pronk dy’t oeral skynt,

gjin praal comme tout Versailles:

om’t thús himsels opnij útfynt –

wy bin gjin pappegaai.”

“Nea ninter masters slaaf gelyk,

har hymjend neierop:

hjir fiert triomf, hark: autentyk!

Al kost’ it my de kop.”

Elts rispe frucht waard uzes sels,

út Fryske boaiem sprút:

fidele mienskip, niks rebels,

fontein, mei fiskesnút ~

De sinne kaam, de sinne sonk,

neimaak waard net oer praat,

mar efter al ’t jûchhei dat klonk

sloech ’t fuotljocht djip syn skaad.

Aug 2018

Mear fan Friduwih Riemersma

Joke Corporaal har ûntmoedigjen fan de froulike skriuwers 1:4 Gysbert Japicxprizen
Betsjuttingsfolheid yn de poëzy Poëzy giet oer betsjutting. Sa’t skilderkeunst giet oer ôfbyldzjen en muzyk oer gefoel …
Wêrom’t De achttjin him wol wint Dat in boek in literêre priis takend krijt om’t it de supernova is boppe in beskaat jier/lân/korpus, is in lang efterhelle misfetting …
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Pechdei
Mar trije persint?! Oer it Letterefûns syn (earlike) subsydzjetakenning oan de Fryske literatuer
Vesuvio fers
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Fisk
In memoriam Hessel Miedema 1929-2019
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Oppas
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Elektrisien
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15