image
Boppe Jean-Baptiste Tuby, Le bassin d’Apollon, detail ‘baleine’; ûnder Mark Dion, skaalmodel fontein

Opiny

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.4, 24 febrewaris 2019

De Starumer fisk fan Apollo

De sinne kaam, de sinne sonk,

’t lân bleau yn ’t stedske skaad.

Mar grutskens wreau in smeulend’ fonk

ta groulik plagiaat ~

As Jiskepûster fan it ryk

stint ûnbesjoen it lân

dêr oer dy frekte Ofslútdyk:

neat oan en deagewoan.

“Mar wy bin”, rôp ús Friezne wacht,

“op ierde dochs it sâlt.

Is dit lân net yn skier midsnacht

de ljochttoer oer de wrâld?”

“Wy hoeg’ gjin pronk dy’t oeral skynt,

gjin praal comme tout Versailles:

om’t thús himsels opnij útfynt –

wy bin gjin pappegaai.”

“Nea ninter masters slaaf gelyk,

har hymjend neierop:

hjir fiert triomf, hark: autentyk!

Al kost’ it my de kop.”

Elts rispe frucht waard uzes sels,

út Fryske boaiem sprút:

fidele mienskip, niks rebels,

fontein, mei fiskesnút ~

De sinne kaam, de sinne sonk,

neimaak waard net oer praat,

mar efter al ’t jûchhei dat klonk

sloech ’t fuotljocht djip syn skaad.

Aug 2018

Mear fan Friduwih Riemersma

Ensafh mei net omfalle, da’s alles It is in frije wrâld. Literêre krantsjemakkers meie literêre krantsjes útjaan dêr’t hja har eigen smaak …
In synyske wikiHow foar leafde en gelok Gedichten fan Tine Bethlehem fan 1955 oant 1995
De haadredakteur is in frou Sjoch no noch ris better, Joke Corporaal!
Foarkar of gjin kar Provinsje Fryslân keart minsken fan syn Frysktalige websiden
Cornelis van der Wal hie in betterenien west De earste fiif gedichten fan ’e Dichter fan Fryslân
Reislotterij 2018 In reiske winne: it kin oeral, by reisburo’s en winkel­keatlingen en… ek by LF2018!
Oars sjen: Meidwaan oan ’e Obe Postmamiddei Griist in bewurking fan lânskipspoëzy my oan? nee. Falt dêr oer te sjongen? ja (oeral is oer te sjongen, sjoch mar nei de heavy metal lyrics
Tsjinwynkronyk 2018 #1 It earste fearnsjier fan it kulturele haadstêd­barren sit derop! Fers2 hat mar in bytsje lêst fan hân fan dat fearnspart. Mar LF2018 nammerstemear
Kosmysk Doe’t skodzjend fan de oerknal noch / de loft rûnom de skyl …
Tsjingif foar de Jong­fryske lanskipsklisjees Ta de moarn fan Rintsje Piter Sybesma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15